Mooglik opknapbeurt De Swette

23 nov 2006 - 16:31

Bedriuweterrein De Swette yn Feanwâlden wurdt miskien opknapt. De gemeente Dantumadiel oerwaget om jild beskikber te stellen foar ûndersyk dêrnei. In advysburo moat útfine oft de ûndernimmers wol wat fiele foar de upgrading en hokker ideeën se dêr sels by hawwe.

De gemeente fynt dat de oanblik fan De Swette folle better kin. It foarstel foar ûndersyk moat noch troch de kommisje en de gemeenteried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)