Mooglik oername swimbad

31 mrt 2010 - 16:09

Piet Homminga fan Rekreaasjepark Bloemketerp yn Frjentsjer hat wol ynteresse foar it oerdekte swimbad Blomketerp mar dan moat der wol in oar bad mei in oare eksploitaasje komme. Woansdei waard bekend dat de gemeente it bad ferkeapje wol om sa 350.000 euro te besparjen op de begrutting.

Frjentsjerteradiel wol de kommende fjouwer jier twa miljoen euro besunigje. Mocht it swimbad net ferkocht wurde dan is de kâns grut dat it slute moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)