Mooglik oanjefte foar klap

16 okt 2006 - 17:16

De jeugdtrainer fan de B-junioaren fan Cambuur tinkt dêroer oanjefte dwaan fan mishanneling troch de trainer fan Flevoboys. Sneon waard Cambuurtrainer Marius Hendriks flak foar de ein fan de wedstryd yn Emmeloord knock out slein. De trainer fan Flevoboys is tydlik útsluten fan syn funksje.

De trainer fan Flevoboys hat syn ekskuzes oanbean. It bestjoer fan de club tinkt nei oer fierdere strafmaatregels tsjin him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)