Mooglik nije stedskemping by de Hemrik yn Ljouwert

22 okt 2015 - 18:48

Der moat in nije stedskemping yn Ljouwert komme. Dat fynt in groep ûndernimmers út de stêd. It eardere FVC-terrein oan de Wide Greuns efter de Peugeotgaraazje, wurdt sjoen as de ideale lokaasje. De kemping moat in robúste 'Asterix en Obelix'-útstrieling krije mei plak foar trekkershutten en kemperplakken. De inisjatyfnimmers ferwachtsje in soad fan kempings as útfalsbasis foar toeristen dy't dêr ek fytsen en boatsjes hiere kinne.

Neffens wurdfierder Arne Brouwers slút it ek moai oan by de ambysjes fan 'Ljouwert kulturele haadstêd'.

De ûndernimmers wolle dat de kemping takom jier maaie klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)