Mooglik nije jachtwerf

16 maaie 2007 - 11:33

De kâns is grut dat der in jachtwerf komt op bedriuweterrein Oastkern yn Koatstertille. Dêr soene dan santich minsken oan de slach kinne. De namme fan de jachtbouwer yn kwestje is net bekendmakke, mar it giet om in grut bedriuw mei ferskate festigings.

It bedriuw wol dy festigings op ien plak konsintrearje en it each is no fallen op de Oastkern. De gemeente ûndersiket no oft de werf net te folle lûdsoerlêst opsmyt foar de buert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)