Mooglik nije Fryske ensyklopedy

14 nov 2001 - 00:00

Der komt mooglik in nije Fryske ensyklopedy. Yn opdracht fan de provinsje hat in ûndersyksburo besjoen oft dat mooglik is. It buro seit no dat it helber is.

Deputearre Steaten hawwe oan de Fryske Akademy frege om in plan fan oanpak op te stellen. Der is ek ûndersocht oft in nije ensyklopedy op CD-rom útbrocht wurde kin. Dat betsjut dan wol dat it sân jier duorje sil foar't it klear is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)