Mooglik nij fundearringsfabryk

07 jun 2014 - 12:35
  • Nij ierdskok-bestindich fundearringssysteem, tapast yn Warfum

Der komt mooglik in fabryk foar fundearringsmaterialen yn Noord-Nederlân dêr't úteinlik wurk is foar hûnderten minsken. Utfiner Pieter de Bruin fan it bedriuw Waddenland BV hat in systeem betocht dat wrakke fundearrings sa bot fersterket dat se sels ierdskokken hawwe kin.

Foar it feiligere fundearringssysteem is in soad belangstelling. It wurdt op 't heden tapast ûnder in histoaryske pleats by Warfum yn Grinslân en yn in nijbouplan by Bedum. Yn it ierdgaswingebiet yn Grinslân komme geregeld ierdskokken foar.

De materialen foar it nije systeem wurde no noch makke yn Dútslân en Nij-Seelân. Der binne plannen de produksje nei Nederlân te heljen. Dêr komt mooglik in leechsteande hal op Lauwerseach foar yn 'e beneaming.

Snein op Omrop Fryslân Radio yn it programma Buro de Vries in langer petear mei Pieter de Bruin. Buro de Vries is te hearren fan 11.00 oant 13.00 oere. De Bruin sit yn it part tusken 12.00 en 13.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)