Mooglik nei de rjochter om AZC Balk

26 mrt 2015 - 15:46
  • It plak dêr't it nije asylsikerssintrum yn Balk komme moatte soe

In boer yn Balk stapt mooglik nei de rjochter fanwege de plannen foar in asylsikerssintrum yn it doarp. It AZC soe oan de Wikelerdyk komme moatte, flak njonken it boerebedriuw fan Johannes de Winter. Hy tinkt dat de flechtlingen lêst ha sille fan syn bedriuw, bygelyks fan stjonkerij en fan it leven dat de kij meitsje. De Winter is benaud dat se dan oer de oerlêst begjinne te kleien. Om dat foar te kommen tinkt er der oer om de plannen foar it AZC oan te fjochtsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)