Mooglik min gedrach Grindheim

05 okt 2009 - 16:32
  • Christian Grindheim

De oanklager betelle fuotbal fan 'e KNVB hâldt in foarûndersyk nei mooglik min gedrach fan middenfjilder Christian Grindheim fan SC Hearrenfean. In televyzjekamera registrearre snein yn de thúswedstriid tsjin VVV Venlo dat de Noar flokte doe't er troch coach Jan de Jonge fan it fjild helle waard.

Koart dêrfoar hie Grindheim in giele kaart krige. Nei oanlieding fan it foarûndersyk nei it flokken wurdt bepaald oft Grindheim ferfolge wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)