Mooglik miljoenen ferlies SWF

26 sep 2014 - 10:36

Tsjinfallers yn wenningbou en oanlis fan nije bedriuweterreinen soargje yn 2015 mooglik foar in ferlies fan oardel oant trije miljoen euro foar de gemeente Súdwest-Fryslân. Dat stiet yn de begrutting dy't de gemeente freedtemoarn presentearre hat.

It ferlies komt ûnder oaren trochdat wenningbouprojekten yn Drylts en Makkum net troch gean. Ek wurdt der opnij sjoen nei de útwreiding fan it bedriuweterein De Hemmen yn Snits. Mooglik dat dy net trochgiet of folle lytser wurdt. Dit soarget derfoar dat de wearde fan de grûn bot omleech giet.

Hoe slim it krekt wurdt, dat wurdt begjin takom jier útrekkene, mar de gemeente hâldt no alfêst rekken mei de finansjele gefolgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)