Mooglik Meesterbeurs foar wurkleazen yn Súdwest-Fryslân

19 des 2014 - 12:33
  • Gemeente Súdwest-Fryslân

De gemeente Súdwest-Fryslân wol ûndersykje oft der in Meesterbeurs yn de gemeente komme moat. Dat is in website dêr't wurkleaze 50-plussers en ûndernimmers inoar moetsje kinne. Doel is om wurkleaze 50-plussers makliker oan in baan te helpen. Se kinne dan mei behâld fan in útkearing in healjier wurkje en krije dêr boppe-op in útkearing fan 150 euro yn de moanne fan de ûndernimmer. Yn Tilburg en Eindhoven wurket de Meesterbeurs al.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)