Mooglik mear jild foar Waadfûns

11 feb 2005 - 09:48

It kabinet bepraat freed at it mear jild stekt yn it Waadfûns. Dat hat minister Veerman fan Lânbou sein. It kabinet wol 500 miljoen euro beskikber stelle foar it Waadfûns. De Twadde Keamer fynt dat dêr 300 miljoen by moat.

It Waadfûns is bedoeld foar de ekonomyske ûntjouwing fan it noarden. Minister Veerman sei tongersdei dat in part fan it ekstra jild foar it Waadfûns mooglik út Brussel komme kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)