Mooglik jild foar Snitser korps

12 okt 2003 - 00:00

Muzyk- en showkorps Advendo fan Snits krijt nei alle gedachten 50.000 euro fan de gemeente om te besteegjen oan in oefenrûmte. B&W stelle de gemeenteried foar om sa'n bedrach foar Advendo út te lûken.

It korps sit al jierren sûnder in goede oefenrûmte, mar hat no in akkoart mei tennisferiening NOMI, om te oefenjen yn de tennishal, dy't de klub bouwe wol. Advendo sil NOMI betelje sadat dy de hal geskikt meitsje kin foar it korps.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)