Mooglik ien âldheidskeamer SWF

08 des 2010 - 14:52
  • Makkum krige lêsten in âld bile

It stedhûs fan Boalsert wurdt mooglik in âldheidskeamer foar Súdwest-Fryslân. De fiif fusearjende gemeenten kinne har kultureel erfskip dan ûnder ien dak bringe. De lytse, lokale âldheidskeamers en musea ha noed oer har fuortbestean.

Ien fan har is de Stifting Ald Makkum. Dy bewarret de skiednis fan Makkum en omkriten. As de nije gemeente net mear de hier fan it museum betelje wol, stiet de takomst faai. Ald Makkum wol gau dúdlikheid oer de takomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)