Mooglik helihaven by Hearrenfean

20 nov 2003 - 00:00

It Hearrenfean krijt mooglik in lâningsbaan foar helikopters. It bedriuw Helinet wol in lanlik netwurk fan acht 'helihavens' opsette en dêrmei in alternatyf biede foar it reguliere iepenbier ferfier.

De gemeente wol meiwurkje oan de komst fan de baan. It bedriuw kin in fergunning oanfreegje by de Ynspeksje Ferkear en Wettersteat. Wêr't de helihaven krekt komme moat yn de gemeente is noch ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)