Mooglik granaat op stoart

30 jan 2007 - 15:42

It gebou fan ôffalferwurker Omrin yn Aldehaske is tiisdei ûntromme fanwege in foarwerp dat op in granaat liket. It ding lei tusken it sloopôffal. It wurkplak njonken it Omringebou is ek ûntromme.

De plysje ûndersiket it projektyl. It is noch de fraach oft de Eksplosive Oprommings Tsjinst ynskeakele wurde moat. Brânwacht en ambulânse binne der ek by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)