Mooglik golfbaan by Goattum

28 des 2004 - 10:08

Der komt nei alle gedachten in 18-holes golfbaan op Goattum, by Grou. Oer de oankeap fan de santich bunder grûn foar de baan is al oerienstimming.

Goattum leit tsjinoer Grou, oan de oare kant fan it Prinses Margietkanaal en wurdt begrinze troch de Pikmar, de Tynje en de Peanster Ie. Wa't de belutsen ynvestearders binne, is noch ûnbekend. De gemeente en de provinsje moatte noch tastimming jaan foar de oanlis fan de golfbaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)