Mooglik glêstúnbou Dongeradiel

01 apr 2005 - 15:28

Dongeradiel ûndersiket de mooglikheid fan glêstúnbou yn de gemeente. De FNP hie om in ûndersyk frege. De partij tinkt dat der plak is foar 30 of 40 bunder glêstúnbou. Dat soe geunstich wêze kinne foar de wurkgelegenheid, dy't ûnder druk stiet yn Dongeradiel.

It ûndersyk moat dúdlik meitsje wat it effekt fan glêstúnbou is op de wurkgelegenheid, de iepenbiere romte en it miljeu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)