Mooglik gjin spjirringfiskjen

26 jan 2012 - 12:47

De fiskerij op spjirring yn de Iselmar driget stillein te wurden troch beswieren fan de belangeferiening fan sportfiskers, Sportvisserij Nederland. Steatssekretaris Henk Bleker jout tastimming om dizze moanne op spjirring te fiskjen omdat der genôch binne.

Mar no rint it speak by de provinsje Fryslân. Dêr makket Sportvisserij Nederland beswier tsjin alle fiskerij fan beropsfiskers op de Iselmar op grûn fan de Natuerbeskermingswet.

De sportfiskers ha yn desimber ferline jier al gelyk krigen fan de provinsjale kommisje Berop en Beswier, mar se wachtsje noch op in offisjeel beslút fan de provinsje. Salang't dat beslút der net is, wolle se dat de Ried fan Steat alle Iselmarfiskerij stilleit ynklusyf it spjirringfiskjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)