Mooglik gjin auto's op strân

16 des 2008 - 09:55

As autobestjoerders fan It Amelân net gau foarsichtiger ride op it strân, kin it riden dêr wolris ferbean wurde troch it ministearje fan LNV. Dat seit boargemaster De Hoop, nei oanlieding fan klachten. Neffens de boargemaster binne der jonge bewenners dy't der in sport fan meitsje om de plysje te fluch ôf te wêzen.

Yn de winter hawwe alle eilanners tastimming om op it strân te kommen mei de auto. Yn de simmer meie der mar in pear minsken mei har auto komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)