Mooglik geiten op Bosplaat

28 jul 2004 - 15:07

Op de ferbaarnde stikken Bosplaat op Skylge komme miskien geiten te rinnen. Dan kinne dêr wer ferskillende soarten planten groeie. Goed twa moanne nei de grutte brân yn it natuergebiet, komt der stadichoan wer begroeiing werom. Dy is lykwols mei allinnich helmgers en sânsegge, hiel iensidich.

It advys is om aktyf behear ta te passen om ek de heidesoarten wer in kâns te jaan. Steatsbosbehear wol earst alle foars en tsjins goed ôfwage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)