Mooglik foedselbank yn T'diel

09 mrt 2011 - 10:16

Yn Tytsjerksteradiel komt mooglik in foedselbank. De kliïnteried, dy't minsken mei in útkearing fertsjinwurdiget, sil ûndersykje oft der ferlet fan is. De ried hat sinjalen krigen dat minsken wol sa'n foedselbank hawwe wolle. Om te sjen hoe grut it ferlet is, hâldt de kliïnteried in enkête.

Minsken kinne dy op ynternet ynfolje. Ek minsken dy't net in útkearing krije, mar wol in leech ynkommen hawwe, kinne meidwaan oan de enkête.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)