Mooglik flinke skorsing foar SC Hearrenfean spiler Te Vrede

06 okt 2015 - 16:41
  • Mitchell Te Vrede

De KNVB wol Mitchell Te Vrede fan SC Hearrenfean fjouwer wedstriden skorse, wêrfan ien ûnder betingst. De spits soe ôfrûne sneon yn de wedstriid in spiler fan Heracles Almelo slein hawwe.

De oanklager fan de KNVB hat op basis fan televyzjebylden in ûndersyk ynsteld. Te Vrede en SC Hearrenfean moatte foar woansdeitemoarn 10 oere reagearje. As se de straf akseptearje, mist Te Vrede sawiesa de wedstriden tsjin Feyenoord, Willem II en de derby tsjin SC Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)