Mooglik ferfolch Dokter Deen

29 feb 2012 - 11:09
  • Monique van de Ven as Dokter Deen

De kâns is grut dat der in ferfolch komt op de searje oer húsdokter Deen op Flylân. Dat seit produsint Edwin de Vries. De net-koördinator moat der noch definityf oer beslute, mar De Vries giet der fan út dat dat posityf útfalle sil. De searje is sûnt febrewaris by Omroep Max op de moandeitejûn te sjen en lûkt oant no ta alle wiken mear as 2 miljoen sjoggers. De searje is basearre op it wurk en libben fan Dr. Deen fan Flylân. De haadrol wurdt spile troch Monique van de Ven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)