Mooglik ferbod brânbulten Skylge

17 maaie 2006 - 17:36

De brânbulten op Skylge wurde mooglik ferbean. De gemeente wol de garânsje ha dat der allinnich skjin hout stookt wurde sil. Oars wol it kolleezje de maaiefjoeren net mear tastean.

Ferline jier binne de resten fan de brânbulten neisjoen. Doe is der materiaal fûn dêr't mooglik asbest yn sit. De gemeente hat it oprûmje litten, mar dat hat in soad koste. Dêrom wol it kolleezje no kritysk nei de maaiefjoeren sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)