Mooglik F16-ynspeksje kades

06 jan 2012 - 11:35

Der wurdt freedtemiddei mooglik in F16 ynset om de steat fan de polderdiken te ynspektearen. De Veiligheidsregio Grinslân hat Definsje frege om benammen de dyk fan it Eemskanaal by Woltersum te besjen, omdat dêr akuut gefaar driget. Mei de apparatuer dy't op misjes yn Afghanistan brûkt wurdt op út de loft bermbommen op te spoaren, kin ek de fersadiging fan polderdiken ûndersocht wurde.

De F16 dy't dy apparatuer oan board hat, moat fan de fleanbasis yn Volkel komme. De Veiligheidsregio Fryslân sil nei alle gedachten oanheakje by it fersyk fan Grinslân, sadat ek de Fryske diken besjoen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)