Mooglik eigen Fryske belesting

22 sep 2009 - 17:09

As Fryslân kommend jier minder jild fan it Ryk krijt út it Provinsjefûns, dan moat ús provinsje neitinke oer in eigen, selsstannich belestingstelsel. Dat seit deputearre Sjoerd Galema. Galema fynt it belangryk dat it belestingjild fan de Friezen ek yn de provinsje sels bestege wurdt.

No betelje wy in soad belesting dy't streekrjocht nei it Ryk giet, bygelyks de BTW. As it Ryk Fryslân aanst folle minder út it Provinsjefûns jaan sil, moat it oars mei de belestings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)