Mooglik dokusoap Feanfroulju

09 apr 2013 - 15:54
  • SC Hearrenfean

Der komt miskien in dokusoap oer it frouljusteam fan Sportklup Hearrenfean. Produsint IDTV ûndersiket de mooglikheid om dêr wat mei te dwaan. Der is sels al in lanlike tv-stjoerder dy't dêr belangstelling foar hat. De komst fan de dokusoap soe mooglik de rêding wêze kinne fan it frouljusteam fan Hearrenfean.

De stifting hat nammentlik de begrutting foar it kommende seizoen noch lang net rûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)