Mooglik dochs wer aksjes Prins

05 apr 2013 - 17:05
  • Dy byienkomst fan de meiwurkers mei de fakbûnen

It konflikt by fangrailfabryk Prins Dokkum is noch net foarby. It personiel is lilk op de direksje dy't nije easken taheakket oan it sosjaal plan. Wurknimmers meie it ûntslach nammentlik net by de rjochter oanfjochtsje, mar elke Nederlanner hat dêr it rjocht ta.

Woansdei lei der al in prinsipe-akkoart oer it sosjaal plan mei dêryn seis moannen lean mei by ûntslach. It fernuvert de bûnen dat de direksje no mei in ekstra eask komt. Freed stimden de measte wurknimmers yn mei it sosjaal plan, sûnder dy ekstra eask.

Giet de direksje dêr net akkoart, dan binne aksjes net út te sluten. It personiel is al wikenlang oan it aksjefieren om it fabryk iepen te hâlden. It Noarske memmebedriuw Saferoad wol de produksje oerbringe nei Poalen en Dútslân. Watfoar akkoart der ek sletten wurdt oer it sosjaal plan, direksje en fakbûnen wurde it net iens oer de needsaak fan it ûntslach fan wurknimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)