Mooglik dochs nije skoalle

01 mrt 2006 - 10:44

It liket derop dat Gerkeskleaster- Strobos dochs in nije skoalle krijt. De gemeente Achtkarspelen soe dêr min of mear in tasizzing oer dien ha. Dat seit Pleatslik Belang.

Der wiene earder plannen om basisskoalle De Claerkamp te renovearjen. Der wie gjin jild foar nijbou. De Claerkamp hat driuwend ferlet fan better ûnderdak. It hjoeddeiske gebou is 46 jier âld en hat lêst fan lekkerij en fersakkingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)