Mooglik dochs nijbou Harkema

01 apr 2010 - 10:35

In projektûntwikkeler út Bunschoten wol besykje huzen en winkels te bouwen yn it sintrum fan De Harkema. Oer de plannen wurdt al acht jier praat, mar ein ferline jier luts wenningkorporaasje WoonFriesland him werom.

Vastbouw Vastgoedontwikkeling hat no in yntinsje-oerienkomst mei de gemeente Achtkarspelen ûndertekene. Dêr stiet yn dat de projektûntwikkeler besykje sil de oarspronklike plannen út te fieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)