Mooglik dochs 25 m bad yn Grou

15 sep 2004 - 11:18

De kâns dat yn Grou dochs in oerdekt 25 meter swimbad komt is grutter wurden. In mearderheid yn de ried giet akkoart mei in jierliks bedrach fan 150.000 euro oan rinte en ôflossing en in lyts tekoart op de eksploitaasje.

Dat kin allinnich troch it kaartsje in euro djoerder te meitsjen in besikers- oantal fan minimaal 100.000 minsken jiers. Dat die tiisdei bliken op in drokbesochte gearkomste fan ferûntrêste Boarnsterhimsters yn Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)