Mooglik brânstifting Droegeham

21 okt 2012 - 12:20

De plysje ûndersiket oft by in brân fan sneontenacht yn Droegeham sprake is fan brânstifting. Bewenners fan it hûs oan it Kleasterplak skrokken om in oere of twa wekker fan in knal. Doe't se fan 't bêd kamen, seagen se fjoer oan de foarkant fan it hûs. Troch de hjitte knapte it glês fan it keamersrút. Dêrtroch ûntstie skea yn de keamer. De foargevel, de kezinen en de dakgoate rekken ek stikken.

De brânwacht fan Droegeham hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De plysje tinkt dat it fjoer mooglik oanstutsen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)