Mooglik brânstifting Blesdike

01 apr 2012 - 10:47

In pleats oan de Markeweg yn Blesdike is sneintemoarn betiid troch brân folslein ferlern gien. De brânwacht joech om efkes foar healwei fiven it sein grutte brân. De korpsen fan Wolvegea en Aldeberkeap rôpen letter noch de help yn fan ferskate korpsen út Drinte. It gie om in leechsteande pleats, dy't krekt ferkocht wie.

De plysje is yntusken begûn mei forensysk ûndersyk en slút brânstifting net út. Brânwachtminsken út Drinte sizze dat sy ek al tochten oan brânstifting, foaral omdat der in opfallend grutte groep jeugd by de pleats wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)