Mooglik blessuereleed foar Hearrenfean tsjin PEC Zwolle

28 aug 2015 - 15:21
  • Mitchell te Vrede mei de 2-0

It is noch ûnwis oft Sportklup Hearrenfean yn de thúswedstriid tsjin PEC Zwolle sneontejûn beskikke kin oer Mitchell te Vrede. De spits fan de Feansters rekke yn de thúswedstriid tsjin PSV ôfrûne wykein blessearre oan syn ljisk. Te Vrede hat tongersdei wer meitraind, mar oft er fit genôch is, dat is noch ôfwachtsjen sa sei trainer Dwight Lodeweges nei ôfrin fan de lêste training.

Ek ferdigener Jerry St. Juste is net fit, hy hat lêst fan migrêne hân en koe de ôfrûne dagen net traine. Veerman en Otigba sille de logyske ferfangers wêze. De Deenske Younes Namli hat noch hieltiid lêst fan in blessure oan syn búk en is net ynsetber.

PEC Zwolle is de nûmer trije fan de earedivyzje mei sân punten út de earste trije wedstriden. Hearrenfean is de nûmer acht mei fiif punten. Ferline seizoen waard der mei 4-0 wûn fan de Zwollenaren.

Mooglike opstelling Hearrenfean: Mulder; Van Anholt, St. Juste (Otigba), Bijker, Cavlan; Van den Berg, Van den Boomen, Thern; Slagveer, Te Vrede (Veerman), Larsson.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)