Mooglik besmet foer yn Fryslân

07 mrt 2013 - 12:41
  • Mais

Ek by Fryske boeren is mooglik feefoer terjochte kommen mei de kankerferwekkende stof aflatoksine. Dat sil no sa gau as mooglik troch de leveransiers weromhelle wurde.

Dat seit direkteur Henk Flipsen, fan de Nevedi. Dat is de Nederlandse Vereniging van de Diervoerindustrie. De skealike stof yn it krachtfoer is ôfkomstich fan in partij mais út east Europa. De saak kaam oan it ljocht doe't by twa boeren de aflatoksine yn de molke fûn waard.

Fryslân hat yn ferhâlding in soad melkfeeboeren. Dêrom doart Flipsen dus net út te sluten dat ek hjir boeren besmet krachtfoer krigen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)