Mooglik berop om teater Dokkum

28 jun 2011 - 21:00

Dongeradiel oerwaget spoed-appel yn te stellen tsjin de útspraak fan de rjochtbank oer it teater Dok18 yn Dokkum. De rjochter bepaalde yn in koart pleit dat de gemeente it hierkontrakt mei it teater ûnterjochte opsein hat. De saak wie oanspand troch eigner Oosterpoort Dokkum BV fan it teater.

De Ljouwerter rjochtbank hat bepaald dat de gemeente 45.000 euro betelje moat omdat it kontrakt net iensidich opsein wurde mochten hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)