Mooglik aktiviteitefjild Mullum

01 jan 2006 - 17:07

As alles goed giet, sil it doarp Mullum takom jier in eigen aktiviteitefjild krije. It jild komt te lizzen oan de Finne, oan de noardkant fan it doarp. Op it stuit stean der op it fjild allinnich in pear goals, mar dêr moatte in jeu de boulesbaan, in boarterstún en in skatebaan by komme.

Al mei al soe it nije fjild sa'n 60.000 euro kostje. Om dat jild by inoar te krijen, wol doarpsbelang Mullum in berop dwaan op ûnder oare de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)