Mooglik aksjes yn ferfier

27 mrt 2008 - 07:22
  • der driget in staking yn it iepenbier ferfier

De bûnen driigje mei aksje as der gjin leansferheging komt foar de wurknimmers yn it iepenbier ferfier. Op it stuit sitte de bûnen en wurkjouwers mei elkoar om 'e tafel mar de ûnderhannelings ferrinne stroef. De wurkjouwers, wêrûnder Arriva en Connexxion, wolle der gjin lean by jaan, mar de bûnen easkje 3,5 persint.

De ûnderhannelings duorje noch de hiele wike. Dêrnei sille de bûnen sjen oft se noch aksje fiere moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)