Mooglik aksjes skipsarkbranche

07 maaie 2007 - 16:45

It fakbûn FNV driget mei aksjes yn de branche foar skipsark. De FNV wol ûnder mear per april 2007 en april 2008 in leansferheging fan trije prosint. De ûnderhannelings dêroer rûnen ein maart fêst.

As de easken tongersdei net ynwillige binne, folgje aksjes, sa seit it FNV. Yn de branche foar skipsark wurkje ûngefear 1300 minsken. Yn Fryslân en Rotterdam sitte de measte bedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)