Mooglik aksjes om bertesoarch

11 maaie 2012 - 06:03

De aksjegroep Red de Sionsberg slút net út dat der wer aksjes komme, om de bertesoarch foar it sikehûs te behâlden. Dat sei de groep tongersdeitejûn nei ôfrin fan in byienkomst mei soarchfersekerder De Friesland en de ried fan bestjoer fan it sikehûs.

De besletten byienkomst ferrûn neffens oanwêzigen emosjoniel. De soarchfersekerder hat witte litten dat der no earst nei fjouwer alternative plannen foar de bertesoarch sjoen wurde sil. Red de Sionsberg beriedt him no oer de útkomsten fan it petear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)