Mooglik aksjes Friesland Bank

17 okt 2012 - 10:25

By de Friesland Bank komme mooglik aksjes om in goed sosjaal plan ôf te twingen. De fakbûnen en de direksje fan de bank kinne it net iens wurde oer in goeie ûntslachregeling foar meiwurkers dy't oerstallich wurde troch de yntegraasje mei de Rabobank.

Tongersdei presintearret de direksje in ûnderhannelingsresultaat oan de meiwurkers, mar de fakbûnen steane dêr net efter. Op 30 oktober meie de fakbûnsleden der noch oer stimme. As sy net akkoart geane, is de konsekwinsje dat se yn aksje komme moatte, sa tinkt FNV bestjoerder Annelies Ossel.

It ferskil fan miening tusken de fakbûnen en de Friesland Bank giet fral oer de hichte fan de ûntslachfergoeding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)