Mooglik aksjes Douwe Egberts

01 okt 2009 - 19:52

De cao-ûnderhannelings by kofjebrander Douwe Egberts, dat ûnder oare festige is op De Jouwer, rinne mooglik op aksjes út. De leden fan fakbûn CNV hawwe it bod fan Douwe Egberts net akseptearre.

It CNV ropt it bedriuw op om de ûnderhannelings wer te iepenjen en mei in serieus bod te kommen. Komt der net in antwurd fan de direksje fan Douwe Egberts, dan wurde mei de leden aksjeplannen bepraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)