Mooglik aksjes by blikfabryk

18 nov 2011 - 15:17

It is net te akseptearjen dat der 40 oant 50 banen ferdwine by it blikfabryk fan Ardagh yn Ljouwert. Dat seit fakbûn CNV Metaaltechniek. Ardagh is sûnt ferline jier eigner fan it eardere Impress yn Ljouwert. Der wurde spuitbussen en ferveblikken makke, mar omdat it min giet yn de bousektor, is de fraach bot weromrûn.

CNV Metaaltechniek seit dat de festiging fan Ardagh yn bygelyks Hoogeveen poerbêst draait. Dêr wurde blikken makke foar de fiedselyndustry. It soe dêrom folle better wêze om in diel fan dy produksje nei Ljouwert te heljen, sa fynt it fakbûn. Mei de direksje is der neffens it CNV foarearst net oer te praten. It fakbûn hâldt sels rekken mei aksjes, yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)