Mooglik aksje fysioterapeuten

13 maaie 2003 - 00:00

Fysioterapeuten wolle better fergoede wurde foar har wurk. It wurk is de lêste jierren dreger wurden troch nije regels en betingsten. Dêrfoaroer is it lean net ferhege. As by de formaasje neat ferbettere is, komme der aksjes. In pasjint kin dan nei tsien minuten alwer op strjitte komme te stean.

In oplossing soe in taryfferheging wêze of mear frijheid foar de terapeuten sadat se sels de tariven ferheegje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)