Mooglik akkoart mei besunigings

01 jul 2004 - 09:51

It liket derop dat Provinsjale Steaten akkoart geane mei de besunigings op it iepenbier ferfier dy't in wurkgroep út de steaten foarsteld hat. De provinsje krijt trije miljoen euro minder fan it Ryk foar iepenbier ferfier.

De measte partijen yn de steaten wolle dat bedrach net kompinsearje. It CDA hopet dat de besunigingen foar it grutste part opfongen wurde kinne troch effisjinter te wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)