Mooglik 600.000 euro foar Heak

20 nov 2002 - 00:00

Minister De Boer betellet mooglik 600.000 euro mei oan it meitsjen fan plannen foar de Heak om Ljouwert. Dat hat in petear tusken de noardlike provinsjes en de minister opsmiten. It Ryksjild foar de útfiering fan it plan is al op, sa die earder al bliken.

De foarige minister hie earder al tasein dat de Heak sa gau mooglik nei 2010 útfierd wurde sil. De provinsje krijt binnen in wike útslútsel oer it bedrach fan 600.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)