Monumintestatus foar terpen

27 okt 2000 - 18:53

Fryslân krijt der wer in argeologysk monumint by. De Rijksdienst voor Oudheidkundig Bodemonderzoek wol dy status graach foar de terpen by Doanjum.

De boeren dy't lân hawwe op 'e terpen binne net wiis mei de monumintestatus. Se binne benaud foar beheinings yn de bedriuwsfiering. In soad terpen ha yn de jierren 80 al de monumintestatus krigen. Dêrnei wie der in skoft gjin jild foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)