Monuminten Fr. Marren yn BMG

24 okt 2013 - 13:19

De ryksmonuminten fan de nije gemeente De Fryske Marren wurde ûnderbrocht yn de monumintestifting Behoud Monumenten Gaasterland (BMG) fan Gaasterlân-Sleat. Dat jildt net foar alle ryksmonuminten. De fjirtjin gemeentehuzen, slûzen en brêgen bliuwe yn behear fan de gemeente sels.

De oare 47 ryksmonuminten gean oer nei de stifting. Der moat wol in oare namme betocht wurde foar de stifting dy´t ûnôfhinklik operearje sil fan de gemeente. Yn it bestjoer komme gjin riedsleden of amtners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)