Monuminteklups fusearje

22 nov 2010 - 14:24
  • Foto: Oetze Deelstra (Omrop Fryslân)

Trije monumintestichtings yn Kollumerlân smite de lapen gear. It giet om de Stichting Oud Kollumerland, Stichting Kollumerlandschap en de Monumenten Stichting Kollumerland en Nieuwkruisland. De oerienkomst wurdt tiisdei ûndertekene. De trije gean fierder as Stichting Erfgoed Kollumerland en Nieuwkruisland. De organisaasje hâldt him dwaande mei monuminten, byldbepalende gebouwen en weardefolle saken yn it lânskip en yn 'e grûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)